
Op zoek naar een onderwerp over de hoge temperaturen bedachten wij vorige week dat het wel leuk was een radioreportage te maken over dode mussen. Het gezegde gaat tenslotte: "De mussen vallen dood van het dak." Nog nooit heb ik zoveel reacties gehad. Mensen belden om te zeggen dat ze in Noord-Burgum het woord spreeuwen gebruiken, in weer een ander deel van Fryslân zeggen ze merels. Een vrouw dacht dat het gaat om mos, niet om een mus.
De Fryske Akademie (een Fries onderzoeksinstituut) reageerde ook. Dit is de mail die onderzoeker Jan Popkema stuurde naar aanleiding van de reportage:
ik hearde hjoed as sturtsje fan it radionijs dat der diskusje wie oft der troch de waarmte no mos fan it dak foel of dat der mosken fan it dak foelen.
Referearret dy fraach oan de rubryk 'Woordhoek' fan Ewoud Sanders yn de NRC en de reäksjes dêrop? Hy hie it op 24 july nammentlik oer dy 'mussen' dy't fan it dak rûgelje fan de hjitte; dat soene neffens guont 'mossen' wêze moatte.
It sitaat dêr't it foaral om giet, is fan Beets út dy syn Camera Obscura en Beets skriuwt: 'mosschen' en dat wie in gebrûklike foarm nêst 'musschen'.
Ik leau der neat fan dat it by Beets om mos gean soe. De redakteur fan dat hiele grutte WNT (Woordenboek der Nederlandsche Taal) hat dat sitaat út de Camera ek kreas ferwurke by it trefwurd 'gapen' en by it trefwurd 'musch'. By 'gapen' stiet de feralgemienisearre foarm: 'Het is zoo heet dat de musschen op het dak (in de goten) gapen (zitten te gapen)'. Behalven it sitaat fan Beets stiet dêr ek noch in sitaat fan Kneppelhout by. Beets hat it deroer dat it in 'Hollandse manier van spreken' is, dus nei alle gedachten algemien bekend.
Redenen om oan te nimmen dat it om mosken giet:
a) Mos kin net gapje; ek yn oerdrachtlike sin ('krûmlûke') is dat al te fier fuort.
b) As it al mos wêze soe, dan kin men earder 'it mos falt ...' as 'de mossen falle ...' ferwachtsje.
c) Beets skriuwt 'mosschen', neffens de stavering fan syn tiid mei sch. 'Mos' is sûnder ch, en sa leit it no ek noch yn it Frysk: mos = mo(a)s, mus(ch) = mosk. Ik sjoch Beets der net foar oan dat er staveringsflaters meitsje soe.
De oarsprong fan de útdrukking is hjirmei noch net oplost fansels, likemin as de oergong fan 'de mosken gapje op it dak (fan de hjitte)' nei 'de mosken falle (dea) fan it dak'.
Lijkt me duidelijk. Geen veer tussen te krijgen.